Nij skoalgebou yn Wergea

21 jun 2014 - 11:09

Yn Wergea wurdt kommende woansdei it nije ûnderkommen fan iepenbiere basisskoalle De Twamester offisjeel iepene. De bou fan it nije ûnderkommen gie net sûnder stjit of slach. It bedriuw dat mei de bou begûn, gie fallyt en op de dei fan de fiering fan it heechste punt wie der in gaslek. Uteinlik is de bou dochs slagge.

By de iepening binne neist minsken op útnoeging ek de skoalbern oanwêzich.

Trefwurden: 
skoalle Wergea De Twamester
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)