Remje foar fytser: botsing

21 jun 2014 - 10:59

In 42-jierrige frou út Ljouwert is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Drachten. Op de Bergleane soe se mei de auto in rotonde opride, doe't se ynienen remje moast foar in oerstekkende fytser.

De 90-jierrige bestjoerder fan de auto achter har, in man út Bûtenpost, seach dat te let en botste op har. De frou is mei pine yn de nekke oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)