Botsing yn Tsjerkgaast

Ambulânse © ANP XTRA
Helptsjinsten binne freedtejûn manmachtich op in ûngelok yn Tsjerkgaast ôfkaam. In frou fan 48 út Bakhuzen wie mei de auto op in parkearde frachtwein botst. Se rekke beknipe yn har auto. Ferskate plysje-ienheden, twa ambulânses en brânwachtkorpsen út Sint Nyk en Sleat gienen derhinne. Der waard ek in mobyl medysk team mei in traumahelikopter ynflein.
De frou is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De Gaestdyk yn Tsjerkgaast hat in skoft ôfsletten west foar ferkear.