Protest tsjin garnalefiskers

Trije natuerferienings freegje steatssiktaris Dijksma net yn te stimmen mei it fersyk fan in groep fan 94 garnalefiskers om in fergunning foar it fiskjen yn alle dielen fan de Waad- en Noardsee. Neffens de Waadferiening, Natuurmonumenten en it Wereld Natuur Fonds is der de ôfrûne jierren mei de fiskers krekt ôfpraat om net oeral te fiskjen, om sa de natuer in kâns te jaan. Boppedat soene de fiskers ûntheffing hawwe wolle fan de ferplichting om fiskfreonlike fangsttechniken te brûken. De natuerferienings kinne harren dêr ek net yn fine.