'Talint foar Fryslân' begûn

20 jun 2014 - 20:35

Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is freedtemiddei offisjeel it projekt 'Talint foar Fryslân' úteinset. Dat is in projekt wêrby't 175 jongeren in jier lang oan wurk holpen wurde. De provinsje hat dêr in bedrach fan 5 miljoen euro foar útlutsen. It is ien fan de projekten dy't betelle wurde mei de frijkommen Nuonjilden.

Der wiene in soad oanmeldings foar it projekt 'Talint foar Fryslân'. Steatelid Hetty Janssen fan de PvdA seit dat de kâns grut is dat der in ferfolch komt. Nije wike nimme provinsjale steaten dêr in beslút oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)