Opskuor oer Vaatstraboek

20 jun 2014 - 16:30

Yn Aldwâld en Feankleaster is opskuor ûntstien omdat in boek oer Marianne Vaatstra doar oan doar útdield is. Yn it boek, fan Wim Dankbaar en Hans Maurits, wurdt steld dat Jasper S. net ferantwurdlik is foar de moard op Marianne Vaatstra. Der soe sprake wêze fan in grutte juridyske dwaling.

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân neamt de aksje "mislik meitsjend", mar der kin gjin oanjefte dien wurde, omdat it boek útdield en net ferkocht wurdt. De plysje besjocht oft der aksje ûndernaam wurde kin tsjin de minsken dy't de boeken útdielden.

Marianne Vaatstra waard dea fûn yn in stik lân by Feankleaster. Jasper S. dy't feroardiele is foar de moard, komt út Aldwâld. By boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân, dy't yn Aldwâld wennet, hong ek in boek oan de doar. Bilker falt benammen oer it begeliedend brief.

In famyljelid fan Marianne, dy't de groep minsken te liif gean woe, koe troch de plysje delbêde wurde. Neffens Bilker wurdt nije wike besjoen oft er strafber is. Ien fan de skriuwers, Hans Maurits, dy't ek by it útdielen wie, seit yntusken oanjefte dien te hawwe tsjin it famyljelid. Hy seit dat dy him rekke hat mei in stien. Hy wol dat er ferfolge wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)