Thorsby nei SC Hearrenfean
De Noarske fuotballer Morten Thorsby komt definityf nei Sportklup Hearrenfean. De 18-jierrige middenfjilder komt oer fan Stabaek IF. Thorsby, dy't ek Noars international is, jildt yn syn lân as in grut talint. Hy hat in kontrakt by Hearrenfean tekene foar fiif jier. Earder wie der al sprake fan dat er nei de klup komme soe.