Nije VVD-wethâlder It Amelân

20 jun 2014 - 14:56

Linda van der Deen wurdt út namme fan de VVD wethâlder op It Amelân. Se follet dêrmei de fakatuere yn dy't noch iepenstie nei de foarming fan in nij kolleezje op it eilân. Neist Van der Deen wurde ek Nico Oud fan it CDA en Will Bakema fan Ameland '82 wethâlder.

Van der Veen wurket no noch yn soarchsintrum De Stelp op it eilân. Dy baan seit se op. Hoe't de ferdieling fan de portefúljes der út komt te sjen, wurdt noch bepraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)