Pearel yn oester fûn

20 jun 2014 - 12:55

In gast dy't oan it lunchen wie by Lauswolt yn Beetstersweach hat woansdei in pearel fûn yn ien fan har oesters. Anthea Molenaar tocht earst dat it in stikje skulp wie, mar nei't meiwurkers fan de keuken dernei sjoen hiene, die bliken dat it in pearel fan hast in heale sintimeter wie. De kâns om soks yn in oester te finen is 1 op 35.000.

Frou Molenaar wol de pearel ferwurkje yn in kettinkje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)