Unrêst yn Fryske taksywrâld

20 jun 2014 - 11:53

Hûnderten Fryske taksysjauffeurs sitte yn ûnwissens oer harren wurk, no't soarchgroep Alliade op It Hearrenfean it taksyferfier gund hat oan Klomp út Ede. Alliade is de soarchgroep dêr't ek Talant ûnder falt. Klomp kin it ferfier goedkeaper dwaan as Taxi Oenema op It Hearrenfean en Taxi Witteveen fan 'e Lemmer, dy't it hendikepteferfier fan Alliade no noch dogge.

De ferwachting is dat in soad taksysjauffeurs dien krije sille, mar Klomp moat ek minsken ferplichte oernimme.

De oername fynt plak mei yngong fan 1 septimber. De ritten dêr't it om giet, binne deistige taksyritten fan sawat 1500 hendikepten fan hûs nei de deibesteging of bygelyks de dokter.

Alliade hat foar Klomp keazen, omdat sy 5 ton yn it jier goedkeaper binne as Oenema en Witteveen op dit stuit. Foar it bedriuw Oenema is de oername in klap, want se reitsje in soad wurk kwyt. Wurdfierder Akkerman fan Alliade seit dat net alle sjauffeurs automatysk dien krije. Neffens de CAO is Klomp ferplichte om 75% fan de sjauffeurs dy't it wurk no dogge, oer te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)