Fyts klapt op motor
In 23-jierrige fytser út Ljouwert is tongersdei ferwûne rekke by in botsing op de Wijbrand de Geeststrjitte yn syn wenplak. It slachtoffer joech gjin foarrang oan in 50-jierrige man op in motor en kaam mei him yn botsing. De fytser is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.