Drachtster pakt mei harddrugs
In 38-jierrige man út Drachten is tongersdeitejûn oanhâlden foar it yn besit hawwen fan harddrugs. De plysje koe de fertochte pakke doe't er yn 'e auto stapte. Dêr fûn de plysje fiif pûdsjes mei harddrugs.
De man is meinaam nei it plysjeburo foar ûndersyk. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De drugs binne yn beslach naam.