Folkstúnrûzje mei heafoarke

20 jun 2014 - 10:47
  • Plysje
  • Heafoarke

In 65-jierrige Wolvegeaster is tongersdei oanhâlden troch de plysje. Hy soe by in rûzje by it wurkjen yn de folkstunen in 59-jierrige oare Wolvegeaster besocht hawwe te stekken mei in heafoarke. De man koe de heafoarke ûntwike, mar hy waard wol slein troch de fertochte.

De fertochte wurdt besykjen ta deaslach, bedriging en mishanneling te lêste lein. De man sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)