1500 kear Radio Froskepôle

19 jun 2014 - 21:08

Yn de studio fan Omrop Fryslân is tongersdei de 1500e útstjoering fan it programma Froskepôle makke. Fanwege it jubileum wie dat in spesjale útstjoering. Presintator Gurbe Douwstra hie kollega-presintatoaren útnoege fan streektaalprogramma's by RTV Noord en RTV Drenthe. Ek wiene der live-optredens fan muzikanten út de trije provinsjes en songen de presintatoaren sels, sy binne alle trije ek muzikant.

Radio Froskepôle sette yn 1999 útein as wykliks streektaalprogramma. Sûnt 2011 is it programma alle wurkdagen te hearren fan seizen oant sânen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)