Wurkstraf foar opstriken jild

Jild © ANP XTRA
In eardere meiwurker fan De Fryske Marren moat dy gemeente hast 9.000 euro werombetelje. It jild waard troch de meiwurker fertsjustermoanne, doe't dy yn 2013 inkele moannen by de gemeente wurke. Neist it werombeteljen fan it jild, is der ek in selstraf ûnder betingst oplein en moat der 140 oere wurkstraf dien wurde. De gemeente hat sels oanjefte dien tsjin de eardere meiwurker.