Tafersjoch Erasmushiem opheft

De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch hat it ferskerpe tafersjoch op soarchsintrum Erasmushiem fan soarchgroep Noorderbreedte yn Ljouwert opheft. Dat makke de ynspeksje tongersdei bekend. Sûnt desimber stie de soarchynstelling ûnder ferskerpe tafersjoch, om't it personiel te min saakkundigens en kennis hawwe soe. It kliïntedossier wie ek net yn oarder.
Neffens de ynspeksje binne de problemen by Erasmushiem oplost. De ynstelling wurdt de kommende tiid wol goed yn 'e gaten hâlden.
Neffens lokaasjemanager Annemiek Damen ha de kliïnten gjin gefaar rûn en is der gjin sprake fan imagoskea.