Cambuur bestiet hjoed 50 jier

Cambuur bestiet op tongersdei 19 juny op de kop ôf fyftich jier. Mei it each op de jierdei hawwe der al earder festiviteiten west, mar op de dei sels krijt de Ljouwerter fuotbalklup besite fan de seleksje fan it seizoen 1964/1965. De manlju fan de earste oere ite mei de direksje en besjogge de eksposysje oer 50 jier Cambuur, dy't yn it stadion ynrjochte is.
Yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan Cambuur wurdt der ek noch in jubileumboek útbrocht en komt der in grutte sponsorjûn.
Foar de earste besikers oan de eksposysje wie der tongersdei gebak en oan de Aldehou hinget in grut doek mei it Cambuurlogo.