Slaanderij op Ruterskertier

Geweld © Omrop Fryslân
In 20-jierrige man út Ljouwert is woansdeitejûn oanhâlden op fertinking fan belutsenens by in fjochtpartij yn in kafee oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Om tsien oere krige de plysje in melding oer fjochterij. De 20-jierrige fertochte soe mei syn 54-jierrige heit in kafeegast mishannele hawwe. De soan soe de 29-jierrige man út Ljouwert mei in barkruk slein hawwe. It slachtoffer moast mei ferwûnings nei it sikehûs.
Heit en soan binne meinaam nei it plysjeburo, dêr't de heit al gau wer frijlitten waard.
Letter melde in 58-jierrige man him by de plysje mei it boadskip dat er slein wie troch de heit. It is noch net bekend oft dat slachtoffer oanjefte docht.