Fallisemint: sylkamp ûnwis

De sylorganisaasje Zeilscholen.nl is definityf fallyt. Begjin dit jier waard al sprutsen fan in fallisemint, mar it bedriuw hat no sels it fallisemint oanfrege. Goed 1800 bern dy't by Zeilscholen.nl harren sylfakânsje boekt hawwe, binne no ûnwis oft sy fan 't simmer op sylkamp kinne.
Op dit stuit is der oerlis tusken de Provinsje Fryslân en sylskoallen om te sjen oft se wat foar de dupearre bern betsjutte kinne.
Kurator Matthijs Sturms fan Zeilscholen.nl sei tongersdeitemoarn op Radio 1 dat der al in pear inisjativen fûn binne yn Fryslân. Ien dêrfan is Fryslân Marketing. Steatelid Jelle Hiemstra fan Friese Koers wol in moasje yntsjinje om ta in oplossing te kommen foar de dupearren.