Skûtsjesilen Burgumermar faai

19 jun 2014 - 10:28

De leden fan Stifting Skûtsjesilen yn 'e Wâlden hâlde mooglik op mei de skûtsjesilerij op 'e Burgumermar. Dat seit wurdfierder Binne Kramer. De kommisje moast de sylwedstriid dy't op it program stie foar takom wykein foar it fyfde jier op rige ôfsizze. Dit jier wiene der te min dielnimmers.

De oare jierren foel de silerij op de Burgumermar mannichkear yn it wetter troch min waar. Allinnich de earste wedstriid yn 2008 waard in súkses.

'Sa stadichoan sakket ús de moed wat yn 'e skuon', lit Kramer witte. It punt om definityf in streek troch it evenemint te setten stiet op de aginda foar de gearkomste yn septimber. De organisaasje sil earst noch om tafel mei de IFKS om de takomst te besprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)