Schultz sjocht opnij nei slûs

De Ofslútdyk © ANP
Minister Schultz van Haegen sil opnij sjen nei in bredere en djippere slûs yn de Ofslútdyk. Dat hat se woansdei tasein oan deputearre Poepjes. Dy wie mei in fertsjintwurdiging út it bedriuwslibben by de minister om te pleitsjen foar sa'n bettere slûs. It bedriuwslibben wol dêr ek oan meibetelje.
De saak komt tongersdei ek oan 'e oarder by de kommisje Ynfrastruktuer en Miljeu fan de Twadde Keamer. Dêr sil in moasje yntsjinne wurde dy't de minister ek de opdracht jout om opnij nei de slûs te sjen.