Zeinstra freed wer yn aksje

Erwin Zeinstra © Omrop Fryslân
It skiedsrjochtersteam fan Björn Kuipers, mei dêryn Erwin Zeinstra fan Dronryp, hat op 'e nij in moaie wedstriid krigen op it WK fuotbal yn Brazilië. It team hat de lieding oer de wedstriid Switserlân-Frankryk, takom freed. Beide teams hawwe de earste groepswedstriid wûn yn groep E. Earder hie it team fan Kuipers al de lieding oer de wedstriid tusken Ingelân en Italië. Yn de media wurdt Kuipers en syn team neamd as kandidaat foar de WK-finale.