Minder jild belangebehertiging

18 jun 2014 - 20:29

De provinsjale besuniging op maatskiplike organisaasjes yn Fryslân giet troch. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besletten. Under oare belange-organisaasjes foar pasjinten, homoseksuelen of minsken mei in útkearing moatte it op termyn sûnder jild fan de provinsje dwaan, of krije flink minder. De provinsje sjocht it subsidearjen net langer as syn taak, mar ferwiist troch nei de gemeenten.

Om de oergong goed ferrinne te litten is der troch de steaten jild beskikber steld yn de foarm fan in needfûns. Ek sil op termyn besjoen wurde oft alle taken wol oernaam wurde, of dat de provinsje dochs noch subsidearje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)