Slim ferwûne op skatebaan

18 jun 2014 - 19:29

Op in skatebaan oan de Jelle Platingastrjitte yn Drachten is woansdei oan de ein fan de middei in 15-jierrige jonge út de gemeente Smellingerlân earnstich ferwûne rekke. De jonge wie mei in BMX crossfyts op de baan en gong ûnderút. By de fal belâne er mei syn holle op it beton.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Foar de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)