Fermiste skipper fûn

© Omrop Fryslân
De fermiste Bouke Koene út Nederhorst den Berg is werom fûn. Dat lit de plysje Flevolân witte. Koene waard sûnt ferline wike freed fermist, neidat er mei syn skip 'Peerke' ôfset wie út de haven fan syn wenplak. Tsjin syn dochter hie er sein dat er rjochting Warkum farre woe. Begjin dizze wike frege de plysje minsken út te sjen nei Koene, mei omdat er hertpasjint is en medisinen nedich hat. Woansdeitemiddei waard er fûn yn Sleat. Hy is neffens de plysje goed sûn.