Les yn parkeargaraazjeriden

18 jun 2014 - 17:23
  • Rydles yn parkeargaraazje Drachten

Nei in oprop fan de gemeente Smellingerlân ha fiif minsken woansdeitemiddei help krigen by it brûken fan de parkeargaraazje ûnder it Raadhuisplein yn Drachten. Foar guon wie it net allinnich de earste kear yn dizze parkeargaraazje, mar hielendal de earste kear. Ien fan har wie frou Kalsbeek fan 73 jier âld.

De minsken koene yn de eigen auto ride en krigen dêr ek de ynstruksje. Guon binne benaud troch de smelle yngong fan in parkeargaraazje te riden en fine it ek dreech om it goede paad te finen yn de garaazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)