FNP net unanym foar wynmûnen

18 jun 2014 - 15:56

In mearderheid fan Provinsjale Steaten stimt woansdei foar de tasizzing oan it ryk dat Fryslân foar 2020 530,5 megawatt oan wynenerzjy realisearje sil. De FNP is ek foar, mar stimt net ienriedich. Steatelid Jan Visser hat tsjin stimd. De FNP wrakselet bot mei de matearje. De FNP is fanâlds tsjin mear wynturbines, mar sit ek yn it kolleezje mei PvdA en CDA.

In part fan de 530,5 Megawatt moat komme fan in grut wynpark yn 'e Iselmar, de rest fan ferskate lokaasjes op it lân.

De FNP hat wol ferskate betingsten: nei de 530,5 megawatt mei der gjin turbine mear bykomme, der moatte ek wynmûnen komme op de Ofslútdyk en âlde wynturbines moatte safolle mooglik opromme wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)