Topdrokte Skylger ûndernimmers

18 jun 2014 - 15:47

Oerol soarget foar topdrokte foar de ûndernimmers op Skylge. Alle jierren komme der goed 50.000 teaterleafhawwers nei it festival. En dat betsjut dat se flink oan de bak moatte. De hoareka profitearret it meast fan it festival. Kroegen sitte fol en de taap rint mar troch. Ek de fytsferhierders dogge goede saken. Se helje mei Oerol in goed part fan har jieromset.

Benammen de oandacht troch de ferskate media docht it eilân goed. It smyt nije toeristen op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)