Koarte brân wenhûs yn Ljouwert

© ANP
De brânwacht fan Ljouwert is woansdeitemiddei útrukt foar in wenningbrân oan de Wetstrjitte. De brân bruts warskynlik út om't ien mei in gasbrander op it dak oan de gong wie. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. Net ien rekke ferwûne. Ek de materiële skea falt ta. De brânwacht moast noch wat sloopwurksumheden útfiere om út te finen oft der echt gjin fjoer mear yn it hûs is.
It wie al de twadde brân yn Ljouwert. It korps wie noch mar kwalik werom fan de brân yn de binnenstêd op it Ruterskertier, doe't dizze melding kaam.