SWF beslút oer Boalserter bad

18 jun 2014 - 15:08

Yn de kommisje fan Súdwest Fryslân wurdt woansdeitejûn praat oer it swimbad yn Boalsert. Dat moat slute om't der gjin jild mear foar is. De stifting "Ons zwembad" besiket de riedskommisje te oertsjûgjen dat it bad bestean bliuwe moat. Se hawwe in plan betocht om mei minder jild it swimbad draaiende te hâlden troch bygelyks mei frijwilligers de kosten te drukken.

Súdwest Fryslân fan doel om fan 2018 ôf 370.000 euro yn it jier te besunigjen op de fjouwer swimbaden yn de gemeente. Op 3 july nimt de gemeente in definityf beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)