Jild foar soarchekonomy

18 jun 2014 - 14:56

Neist wettertechnology en agraryske sektor set de provinsje no ek yn op de saneamde soarchekonomy as ekonomyske pylder. Der leit no in plan dat wurk en omset opsmite moat. En dêrneist moatte fernijings en mear gearwurking tusken de soarchsektor en it bedriuwslibben der ek ta liede dat Friezen wat nofliker âld wurde. Dêr leit no in provinsjaal útfieringsprogramma mei 2,5 miljoen euro yn kas. It jild wurdt brûkt om nije fynsten en ûntwikkelings mei mooglik te meitsjen.

Der is folle minder jild foar beskikber as wettertechnology en de agraryske sektor. En dat is omdat de soarch offisjeel gjin taak fan de provinsje is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)