Steuring brêge Warns ferholpen

Brêge Warns © Wikimedia, Rob Kreukniet
De brêge yn it Johan Frisokanaal yn Warns hat sûnt tiisdeitejûn blokkeard west. Om in oere as seis hinne koe de brêge net mear iepen. Oant middernacht is besocht de steuring te ferhelpen mar sûnder sukses. De brêge wurdt sûnt de nije slûs yn Starum yn gebrûk is, betsjinne op ôfstân. It fermoeden wie earst dat dêr ek de oarsaak fan de steuring lei.
Woansdeitemoarn die úteinlik bliken dat in kapotte lager de feroarsaker wie. Neffens in wurdfierder fan de provinsje hat de steuring gjin grutte files fan skippen feroarsake.