Blog: In nije dei foar it Nederlânsk alvetal

18 jun 2014 - 09:43
  • Tomme omheech foar Oranje
  • File foar de doar
  • Meielkoar nei it WK sjen
  • Skjinmakkers foar de tillevyzje

In nije dei foar it Nederlânsk alvetal.

Binne jo alwer in bytsje bykaam fan de 5-1 oerwinning? Steane jo wer mei beide fuotten op de grûn? It Nederlânsk alvetal wol, alteast sa dogge se it foarkommen. “We ha noch neat” en “we moatte Australië net ûnderskatte”, binne de meast hearde wurden by de mannen fan Louis van Gaal. Hjoed meie se bewize dat it spektakelstik tsjin Spanje gjin ienmalige útsjitter wie.

De ôfrûne dagen binne wy yn it IBC lekker yn it ritme kaam. Tidens de wedstriden wit eltsenien wat syn taak is en wat der fan him of har ferwachte wurdt. Wylst we de earste dagen net in soad fan de wedstriden sels meikrigen, is der no ek romte om te genietsjen. Wedstriden as Ingelân-Italië en Dútslân-Portugal, dêr sjogge je as fuotballeafhawwer fansels nei út! Oant no ta is it nei myn miening in prachtich WK, mei goeie wedstriden en in protte goals.

Hjoed kaam Brazilië foar de twadde kear yn aksje en dan leit it lân even plat. Dat is ek yn it IBC te merken. De skjinmakkers hâlde even op mei har wurk en krûpe foar in tillevyzje. De saneamde ‘viewing area’, in plak dêr’t men allegearre nei de wedstriid sjen kin, streamt hielendal fol. By de oare wedstriden stiet der in hantsjefol minsken, by Brazilië binne der stuollen te min. Eltse oanfal fan de Brazilianen wurdt begroete mei gejoel en gejuich. Nettsjinsteande alle stipe slagget it Brazilië lykwols net om te winnen fan Meksiko (0-0).

Rio de Janeiro leit trouwens net allinnich by de wedstriden fan it thúslân stil. Rio stiet alle dagen stil. It ferkear bestiet út ien grutte opstopping, wêr’t je yn de stêd ek binne. Fanút ús hotel is it sûnder file noch gjin tsien minuten riden nei it IBC. Mar njoggen fan de tsien kear kinne je der wol in healoere foar útlûke.

En as je ien kear ride, dan is it alle kearen wer in aventoer. De dyk is eins net yndield yn banen en it begrip ‘ritse’ dat moatte se hjir noch útfine. It is gewoan in kwestje fan sjen oft der romte is en dan je auto der tusken knalle. En slagget it net, dan kinne je altyd noch toeterje oant je der wol tusken komme. It is in wûnder dat der net mear ûngelokken barre, mar blykber is eltsenien ynsteld op de ûnferwachte fratsen fan in oar.

Wy hâlde bytiden de siken yn, mar in pear tellen letter laitsje we der út opluchting mar om. Rare jonges, dy Brazilianen. Net foarút te brânen, mar as se yn de auto sitte…

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)