Man lit spultsje sjen

18 jun 2014 - 09:39

Yn Elslo hat de plysje tiisdei in man by de Kanadamar oanhâlden. De 42-jierrige man út de gemeente Stienwikerwold wurdt derfan fertocht dat er syn spultsje sjen liet en himsels befredige foar de eagen fan twa froulju. Dy joegen it sinjalemint fan de man en syn auto troch. De plysje koe de man op de Kloosterweg oanhâlden. Hy hat bekend en krijt in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
plysje Elslo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)