Rôffûgels net langer útroegje

18 jun 2014 - 06:59

As it útroegjen fan rôffûgels net ophâldt hat dat grutte gefolgen foar it hiele Fryske ekosysteem, it natuerlik lykwicht yn de provinsje. De lêste wiken binne yn Snits en omkriten in soad nêsten fan rôffûgels fernield, wat it fuortbestean fan benammen de wikel, hoanskrobber (de kiekendief,) en de mûzebiter (de buizerd) yn gefaar bringt. Boppedat wurde ek gauris rôffûgels deamakke om't se piken fan greidefûgels opfrette.

Neffens de fûgelwacht en Steatsboskbehear ha rôffûgels in wichtich oandiel yn it hiele natuerlike systeem.

De fûgels meitsje jacht op mollen en fjildmûzen. Benammen mûzen, dy't de lêste tiid yn oantal eksplosyf tanimme, kinne grutte skea oan fjild en sleatswâlen tabringe. Steatsboskbehear wol no yn gearwurking mei de plysje maatregels nimme tsjin fandalen dy't de nêsten fan rôffûgels ferniele.

Trefwurden: 
rôffûgels ekosysteem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)