Romte foar nije slûs Ofslútdyk

De kâns dat der in bredere en djippere slûs yn de Ofslútdyk komt, is de ôfrûne wiken tanaam, dat seit deputearre Sietske Poepjes. Woansdei reizget se mei in lobby-delegaasje nei Den Haach foar fierder oerlis. Mar achter de skermen wurdt al langer praat mei rykswettersteat. It seach der lang nei út dat it kabinet allinnich de hjoeddeistige slûs opknappe woe, om't de oare fariant sa'n 65 miljoen euro djoerder is.
No't de regionale oerheden en it bedriuwslibben sels ek flink ta de bûse wolle, soe ek in nije, bredere en djippere slûs wêr serieus besprekber wêze. Dat soe foar de skipfeartsektor in ympuls wêze kinne omdat se dan gruttere skippen bouwe kinne.