Steaten stimme oer wynenerzjy

17 jun 2014 - 21:43
  • Protest tsjin wynmûnen by provinsjehûs
  • Wynturbinepark op see

Provinsjale Steaten stimme woansdei oer de komst fan 530,5 megawatt oan wynerzjy yn de provinsje en de bou fan in grut wynmûnepark yn de Iselmar. Yn de provinsje is in soad ferset tsjin de komst fan grutte wynmûneparken. Benammen it park yn de Iselmar ropt in soad wjerstân op.

'Fryslân foar de Wyn' besiket de mooglikheden foar wynmûneparken op it lân. Omdat de útkomst hjirfan noch net dúdlik is wol de gemeente Súdwest-Fryslân dat it beslút troch de Steaten útsteld wurdt. Deputearre Konst fielt hjir neat foar.

Ferslachjouwer Onno Falkena folget de steategearkomste en docht ferslach op Twitter.
De gearkomste is ek live te folgjen op omroplive.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)