Mear kapasiteit suvering

17 jun 2014 - 21:30

De rioelwettersuveringsynstallaasje op It Hearrenfean wurdt de kommende moannen foar mear as fjouwer miljoen euro útwreide. Wetterskip Fryslân wol in gruttere kapisiteit realiseare om yn de takomst de oanfier fan de nije suvelfabriken oan te kinnen. De kommende jierren komme ûnder oare A-Ware, Fonterra en Ausnutra Hyproca mei in festiging op It Hearrenfean. Dit smyt in soad ekstra ôffalwetter op. Wetterskip Fryslân wol de ynstallaasje dêrneist ek duorsumer meitsje. Begjin oktober moat de suveringsynstallaasje klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)