Hiele bestjoer Meldij stapt op

It folsleine bestjoer fan it sintrum foar de keunsten De Meldij yn Drachten stapt op. Se binne it net iens mei de plannen dy't makke binne foar de takomst. De Meldij moat fan de gemeente opgean yn De Lawei. Ald-boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel is oansteld om hjir in plan fan oanpak foar te meitsjen. Neffens it bestjoer wol hy it subsydzjejild dat foar De Meldij bedoeld is brûke om it tekoart op de begrutting by De Lawei te tichtsjen. Dit giet te'n koste fan de subsydzje op it lesjild.
De 50 personielsleden witte ek noch hieltyd net goed wêr't se oan ta binne. Se moatte dit jier noch beslute oft se ZZP-er wurde of dat se ûntslach nimme.