28 deade dowen yn Dokkum

De 28 deade dowen
De plysje hat yn Dokkum 28 deade en twa swier fertutearze dowen fûn. De bisten sieten yn in hok achter in wenning, dy't al langer ferlitten wie. De buertbewenners hiene dêrom op in bepaald stuit 112 belle. Doe't de plysje kaam, fûnen sy de bisten. Undersyk hat dúdlik makke dat de bisten ferhongere binne. De plysje makket proses-ferbaal op tsjin de eigener fan de fûgels.