Simmeriis op Thialf

Reedriders kinne de kommende trije wike wer reedride op Thialf op It Hearrenfean. Sûnt dit wykein leit der wer it saneamde simmeriis. Dit jier is de baan trije wiken iepen foar rekreanten en topsporters. Tiisdeitemoarn sette ek Sven Kramer sa al syn earste streken. Middeis kinne de rekreanten it wer besykje.
Ferline jier luts it simmeriis net in hiel soad leafhawwers, wylst de kosten fan simmeriis heech binne. It temperatuerferskil tusken binnen en bûten is sa grut, dat it in soad enerzjy kostet om it iis op temperatuer te hâlden.