Medisinen fia dokter djoerder

Medisinen dy't troch húsdokters foarskreaun wurde op resept binne soms trije kear sa djoer as wannear't minsken de medisinen sels by de apoteek of drogist helje. Dat hat de Consumentenbond ûndersocht.
It giet meastentiids om ienfâldige kwalen lykas hoastjen, fuotskimmel en heakoarts. Dokters soene pasjinten warskôgje moatte foar de hegere kosten.