Sulveren Anjer foar Noordmans

17 jun 2014 - 14:18

Prinses Beatrix hat tiisdei yn it Paleis op de Dam postúm de Sulveren Anjer útrikt oan Hans Noordmans fan Snits. De yn jannewaris ferstoarne Noordmans hat him 20 jier lang frijwillich ynsetten foar it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer.

Hy wie projektlieder fan in grutte restauraasje fan it oerwurk yn 1997. Hy makke ek in rekkenmodel op de kompjûter dêr't it planetarium noch oant fier yn de takomst mei wit hoe't se it oerwurk ynstelle moatte. Syn widdo Josephine Noordmans hat de Sulveren Anjer yn ûntfangst naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)