Moardfertochte langer fêst

17 jun 2014 - 14:05
  • It plak fan de Tsjûkemarmoard

De 42-jierrige Engin K. bliuwt langer fêstsitten op fertinking fan belutsenheid by de Tsjûkemarmoard. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei besletten. De advokaat fan K. hie frege om syn frijlitting, omdat it Iepenbier Ministearje neffens him net foldien hat oan in befel fan de rjochtbank om ûntbrekkende stikken bewiismateriaal te leverjen. De Tsjûkemarmoard draait om de dea fan de 35-jierrige Omar Kourrich út Amsterdam. Syn ferbaarnde lichem waard in jier lyn fûn by de Tsjûkemar by Sint Nyk.

It Iepenbier Ministearje moast fan de rjochtbank alle ûndersyksresultaten diele mei de advokaat. Neffens de rjochter hat justysje dit befel yn de kearn útfierd.

De advokaat fan Engin K. lit witte de útspraak fan de rjochter 'kranksinnich' te finen. "Het Openbaar Ministerie heeft een deel van de ontbrekende stukken geleverd, maar niet alle stukken, zoals de rechtbank eiste." It Iepenbier Ministearje seit lykwols dat alle stikken dêr't spesifyk om frege is, oerlein binne. De rest mei de advokaat ynsjen by it IM, meldt wurdfierder Melanie Kompier.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)