Plof-pinautomaat net ferfongen

De pinautomaat stiet tsjinoer it plysjeburo © Anton Kappers
De pinautomaat fan ING op de Geert Knolwei op De Jouwer dêr't twa wike lyn in plofkreak pleegd waard, komt net werom. Dat seit eigener ING. Neffens de bank hat De Jouwer genôch oan twa oare opnamepunten yn it plak. De dieders fan de plofkreak binne noch hieltyd net fûn.
Nei de kreak hat der in grutte sykaksje west. Dêrby waard de auto fan de fertochten fûn by in kemping yn Reahel.