Fiskmigraasje kostet mear jild

17 jun 2014 - 12:30
  • Plan fiskmigraasje

Neist de oanlis fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk binne der noch mear ynvestearrings nedich om de fisk op de goede paaiplakken te krijen. Dat is ien fan de lessen dy't John Melis fan Ekologysk Advysburo Fryslân Grien leard hat op syn stúdzjereis by de Waadkust lâns. Foar guon soarten is it berikken fan de Iselmar genôch, mar oare soarten moatte fierder de provinsje yn om paaie te kinnen.

Dêrfoar moatte slûzen en oare keunstwurken oanpast wurde. Dat freget noch de nedige ynvestearrings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)