Akkoart GGZ en De Friesland

GGZ Fryslân en Soarchfersekerder De Friesland hawwe in mearjierrich akkoart sletten oer it beteljen fan de geastlike sûnenssoarch yn de kommende jierren. Dy geastlike sûnenssoarch komt der wol hiel oars út te sjen. GGZ Fryslân stribbet der nei om earnstige pasjinten earder nei hûs te stjoeren en mear soarch ticht-by-hûs oan te bieden.
Der komt ek in nije foarm fan geastlike sûnenssoarch, de basis-GGZ. It giet om soarch by matige psychyske klachten, dy't troch koartrinnende help oplost wurde kinne.
GGZ Fryslân moat takommend jier wol sa'n 17 miljoen besunigje. As gefolch dêrfan sille by de organisaasje sa'n 70 banen ferdwine. GGZ Fryslân is hiel wiis mei it akkoart mei De Friesland. Dit jout de organisaasje wissichheid en de mooglikheid om de wurkwize te fernijen. Dit wurdt keppele oan ûndersyk om de kwaliteit fan de help oan pasjinten te garandearjen. It strategysk akkoart is ek mei-ûndertekene troch de famyljeried en de kliïnteried fan GGZ-Fryslân.