Sliepende sjauffeur botst

17 jun 2014 - 11:41
  • De ravaazje nei it ûngelok

In sjauffeur fan 48 út Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei op de A32 by Havelte in oanriding feroarsake. Hy wie yn sliep fallen achter it stjoer. De man ried mei syn frachtwein op in wurkauto fan Rykswettersteat. De bestjoerder fan dizze wein rekke ferwûne oan de holle en is nei it sikehûs brocht. De Ljouwerter sjauffeur hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)