Njoggen ynbraken yn strjitte

17 jun 2014 - 10:04

De plysje ûndersiket njoggen ynbraken yn bergings fan huzen oan de Lieuwenburg yn de Ljouwerter wyk Cammingaburen. Ien fan de bewenners ûntduts moandeitemoarn dat syn berging iepenbrutsen wie. Letter waard dúdlik dat der meielkoar njoggen bergings iepenbrutsen wiene.

Ut ien fan de bergings is klean stellen, fan de oare gefallen is noch ûndúdlik oft der wat stellen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)