'Mear privacy sosjale tsjinst'

Ljouwert gemeente © Omrop Fryslân
De fraksje fan Verenigd Links yn de gemeenteried fan Ljouwert hat fragen steld oan it kolleezje oer de privacy by petearen tusken meiwurkers fan de Sosjale Tsjinst en kliïnten. Neffens de partij kinne oare minsken dy petearen hearre. De kliïnteried wurk en ynkommen hat dêr meardere meldings oer krigen.
Verenigd Links wol dat der spesjale sprekkeamers komme om de privacy fan de kliïnten te garandearjen.